'It doarp sliept de oere fan in âld Frysk deadeboek.'

Ynfo


It Font wurdt makke troch skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp.



Eeltsje Hettinga publisearre fiif poëzybondels, stalde, tegearre mei skriuwster Elske Schotnaus, in tal meartalige blomlêzingen gear en sette wurk oer fan J. J. Slauerhof, Ingeborg Bachmann en Georges Bataille. Foar syn debútbondel Akten fan Winter krige hy de trijejierlikse útrikte Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Hettinga skriuwt geregeldwei oer byldzjende keunst, hy makke ûnder mear de biografy Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús. Syn lêste poëzybondel Ikader stie yn 2013 op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis. It fideopoëzyprojekt It Font is de meast resinte publikaasje, in digitaal literêre útjefte dy’t yn de hjerst fan 2016 syn primeur krijt mmei in útstalling yn it Fries Museum in Ljouwert en Museum Belvédère op it Oranjewâld. (www.eeltsjehettinga.nl  of eeltsjehettinga/sirkwy )


Lotte Middendorp studearre yn 2013 of oan Akademy Minerva yn Grins, Har film ‘Spegel yn Spegel’ waard oankocht troch it Fries Museum. Har ynstjoering foar ‘The one minutes filmfestival’ waard yn 2011 bekroand mei de Tommy Award. Yn 2012 waard in fideo fan har selektearre foar de One minutes-expositie ‘VideOOOOh in Slade Research Center, Londen. Lotte Middendorp exposearre de ôfrûne jierren ûnder oare yn galery Roos van Tudor, keramykmuseum Princesshof yn Ljouwert en yn Museum Belvédère op it Oranjewâld. (www.lottemiddendorp.nl)


It Font wurdt stipe troch

  • Nederlands Letterenfonds
  • Provinsje Fryslân
  • Tamminga-Piebenga Fûns
  • Stichting Arjen Witteveen Fûns
  • Douwe Kalma Stifting
  • It Fryske Gea


 

.
.
.

@ Niets uit deze uitgave mag zonder voorafgaande schriftelijke toestemming van de uitgever en de makers van It Font worden openbaar gemaakt of verveelvoudigd, waaronder begrepen het reproduceren door middel van druk, offset, fotokopie of microfilm of in enige digitale, elektronische, optische of andere vorm of (en dit geldt zonodig in aanvulling op het auteursrecht) het reproduceren t.b.v van een onderneming, organisatie of instelling of voor eigen oefening, studie of gebruik welk(e) niet strikt privé van aard is of voor het overnemen in enig dag-, nieuws- of weekblad of tijdschrift (al of niet in digitale vorm of online.