'It doarp sliept de oere fan in âld Frysk deadeboek.'

It Font

It Font is in multymediaal fideopoëzyprojekt fan skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp. Yn harren wurk binne byldzjende keunst, poëzy, foardracht en muzyk op sterk sintúchlike wize mei-inoar ferweve. It wetter, de kust en de see foarmje de reade tried yn it gehiel. Trije 'films' út it projekt hiene ferline jier har premjère op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. It Font, in inisjatyf fan Eeltsje Hettinga, is yn 2016 te sjen yn Museum Belvédère yn it Oranjewâld (14 okt. o/m 14 des. ) en it Fries Museum yn Ljouwert (4 okt. o/m 31 okt.) It omfangrike projekt sels is a work in progress en ferskynt inkeld as digitaal literêre útjefte. Op ús blog binne foto’s, stills en oantekeningen oer dit meartalige projekt te finen.

It Font

Ut: 'De lichaamlikheid fan it Wad'