‘Driuw sis ik, driuw...’

It Font - Leeuwarder Courant, ynterview, 'Freed'-bijlage


In ynterview middeis om trije oere mei in board sâlte hjerrings by de kofje, in Fryske dichter dy't freget oft ik ek yn it Nederlânsk kin. It past by It Font, in eksperimintele kombinaasje fan poëzij, bylden, film en lûd troch Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp.

De earste moeting tusken de dichter en de keunstner wie yn de Bruna, by it treinstasjon yn Ljouwert. Fideokeunster Lotte Middendorp (30) fertsjinnet dêr de kost mei it ferkeapjen fan boeken en tydskriften. Op in dei, in pear jier lyn, stie de dichter dêr by har foar de noas. ,,Hy kaam dêr om in krante te keapjen, in Trouw leau'k.''

,,Vrij Nederland,'' ferbetteret de dichter har.

,,Kin ek wol. Wy seagen elkoar oan. Wy hiene in praatsje, wy fielden in gemy. Nee, it wie gjin flirten, it wie mear in soart thúskommen.''

In skoftsje letter fertelde Lotte keunster Henk Krist dat se in skripsje meitsje moast foar Minerva, de keunstakademy yn Grins. En dat it har net tafoel. Henk Krist wist dat Eeltsje Hettinga aardich thús wie yn it ûnderwerp fan dy skripsje. Hy joech har as goerie om kontakt mei him op te nimmen, hy soe har grif helpe kinne. ,,Ik belle him. Eeltsje Hettinga wie de man dy't dy Trouw kocht hie yn de Bruna.''

,,Vrij Nederland.''

Wat oars

De skripsje kaam der en krige in tige geunstige beoardieling. Mar Eeltsje Hettinga (61) krige der ek wat foar werom. Hy frege him al in moai skoft ôf hoe't er fierder moast as dichter. ,,Yn 2012 wie myn lêste bondel útkommen, Ikader. Hoe giet dat? Krijst in stik as wat resinsjes, hellest – yn it gefal fan Ikader – de short list fan de Gysbert Japicxpriis, in oantal kollega-dichters keapet it boek. Ik tocht, ik kin noch wol in bondel meitsje, mar wêrom soe ik? Ik woe leaver wat oars.''

Hoe't dat oars der útsjen soe, wist er noch net. Wat er wol wist, wie dat er syn poëzij ynbêdzje woe yn film, muzyk en oare keunstfoarmen.

It wie him daliks opfallen dat Lotte Middendorp in skerp each en in orizjinele manier fan sjen hie. En dat se dy om wist te setten yn moaie, sprekkende bylden. Se tsjinnen in plan mei in subsydzjeoanfraach yn by it Nederlands Letterfonds foar in digitaal poëzijprojekt. Ut de bulte oanfragen út it hiele lân waarden acht projekten honorearre, dêr hearde ek dat fan de beide Fryske keunstners by.

It Nederlânsk

,,Skriuwst dit ferhaal foar de Fryske side?'', freget Eeltsje Hettinga. ,,Kinst it net better yn it Nederlânsk skriuwe? It giet likefolle oer film en byldzjende keunst as oer poëzij. En dêr komt noch by dat de poëzij twatalich is, Frysk-Ingelsk. Us webside itfont.nl is ek twatalich, Frysk-Nederlânsk Ik wol ek bêst ris út it hokje fan Frysk dichter stappe. Meist it om my wol yn it Nederlânsk skriuwe.''

Besletten wurdt om beide talen te brûken.

'In digitale letterrein dy't oer it skerm giet' wie it earste dat Lotte ynfoel doe't se in oanset ta in fers fan Eeltsje ûnder eagen krige. ,,Mar dat wurke net. Ik bin hielendal net sa digitaal, ik woe it brûken fan de kompjûter sa lang mooglik útstelle. De natuer yn, sels dingen belibje, alles safolle mooglik mei de hannen meitsje: dêr leit myn lok, dat is myn krêft.''

Eeltsje Hettinga: ,,Wy hawwe hiel bewust it eksperimint socht. It mocht absolút gjin 'praatje met een plaatje' wurde.''

Bining en eangst

It idee om Lotte filmkes by de fersen fan Eeltsje meitsje te litten hawwe se daliks al fersmiten. En dus stapten se yn de auto en rieden se nei Holwert, nei Laaksum en nei de Deelen. En nei oare plakken dêr't wetter wie, dêr't in kust wie, dêr't see wie. Want dat it dêr oer gean soe, stie fan it begjin ôf fêst. Beide hawwe in sterke bining mei wetter en fiele der tagelyk eangst foar.

,,It wetter dat leavet en it wetter dat deadet'', hjit it yn It Font. It wetter hat altyd belangryk west foar Fryslân, seit Hettinga. ,,As bedriging, mar ek om wat it de minsken hjir sosjaal-ekonomysk allegear brocht hat. En om wat dêrfan yn de literatuer werom te finen is.''

Lotte is grut wurden by de jachthaven fan Akkrum. ,,It wetter streamt yn my, hat it altyd dien. It is krekt as stean ik op it wetter mear yn ferbining mei mysels as op it lân. Eeltsje brûkt yn ien fan de gedichten it wurd 'famkefisk', dat past wol by my. Doe't ik yn it tredde jier fan Minerva in film fan ien minút oer it tema 'frijheid' meitsje moast, bin ik yn Akkrum yn in sleat by ús achter hûs lizzen gien, ûnder it einekroas. Silke, myn suster, hat my filme. It gesicht, it hier dat widze yn it kroas, dat wie alles. Dat wie frijheid. De film waard útkeazen en is yn 2012, doe't de Olympyske Spelen dêr wiene, draaid yn Londen.''

Tusken it praten troch komt gasthear Eeltsje oan mei in board sâlte hjerringen. Der dûkt gauris in deade fisk yn It Font op en der is dus alles foar te sizzen om middeis om trije oere gjin koekje by de tee of kofje te presintearjen, mar in sâlte hjerring. It is ek oan Eeltsje te tankjen dat Lotte in hjerring wit te wurdearjen. ,,Ik miende dat ik it noait mocht. Troch Eeltsje haw ik foarich jier ûntdekt hoe lekker hjerring eins is.''

Fûgelkykhutte

Se hawwe beide har eigen assosjaasjes mei it wetter, de see en de kust; se hiene beide in eigen ynbring. De iene kear kaam Eeltsje mei in oantal rigels tekst, de oare kear joech Lotte in earste oanset. Lykas yn De Deelen. ,,Yn de fûgelkykhutte dêr sitte lûkjes dêr'st troch nei bûten, nei de fûgels sjen kinst. Soks lient him foar in gedicht, mar ek om der wurden yn te stopjen.''

De presintaasje fan It Font mei dan digitaal wêze, de produksje hat fan it begjin oant de ein analooch west. ,,Alles is echt,'' sa't Lotte it neamt. Op it skerm ferskine de wurden dy't de dichter útsprekt. De iene kear driuwe se yn it wetter, de oare kear ferdwine se yn it wetter of spielt it wetter der oerhinne. Oan net ien fan dy bylden is in kompjûter te pas kaam. De letters binne makke fan karton, reid, slyk, stof, iis, fan alles wat Lotte betinke en meitsje koe. De opnamen binne makke troch de letters yn it wetter te triuwen, troch der oan te lûken of troch se domwei driuwe te litten.

De poëzij wurdt fongen yn sfearrike, gauris mysterieuze bylden fan it Fryske wetterlânskip, soms fan de see of it waad, in oare kear fan binnenwetter. Ien fan de meast yntrigearjende bylden is dy by it fers 'It Let' , oer it lieden fan de klok as immen te hôf brocht wurdt. De film is opnommen yn it petgat by de Skriuwersarke, in eintsje bûten De Feanhoop.

Lege polders

De dichter stiet as in libben stânbyld op it wetter achter in kateder. Boppe him hinget de kop fan in deade fisk dy't sûntsjes yn de wyn beweecht. In deade fisk dy't de bidder en de himel fan elkoar skiedt. Dan sprekt de stim fan de dichter de earste trije rigels: ,,Under it let oer de lege polders / ljepte út de slinken fan ieuwen/in tsjuster dat in âld begjinnen ynhie.''

Der is gjin digitaal helpmiddel oan te pas kommen. Meiwurker fan it Fryske Gea hawwe in flonder krekt ûnder it wetteroerflak lein en it út de tsjerke fan De Rottefalle ôfkomstich kateder fêstset oan in peal, dêr't normaal in einekoer oan befestige is. De kop fan de deade fisk hinget oan in angelstôk dy't út de jas fan de dichter omheechstekt.

Lykas yn de measte poëzij kinne de wurden en de bylden op mear as ien manier útlein wurde. Hettinga: ,,De betsjutting komt ek net op it alderearste plak. It giet om it sintúglike fan it proses wêryn't wurden, bylden en lûden ien gehiel foarmje. It is in hiele oare manier fan lêzen, in hiele oare manier fan it belibjen fan taal en poëzij. Wa't djipper de tekst yndûke wol, kin de webside besjen. Dêr steane alle fersen op.''



BELVEDERE, FRIES MUSEUM, BUCHMESSE

It Font is een work in progress dat uit verschillende reeksen korte films bestaat. Enkele van die films zijn van 14 oktober tot 18 december in museum Belvédère in Oranjewoud te zien.

Eind oktober wordt een drieluik uit It Font op de Frankfurter Buchmesse vertoond. In de maand oktober is een ander drieluik te zien in het Fries Museum in Leeuwarden. Van 18 tot en met 23 oktober houden de Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp open atelier in het Fries Museum. Er zijn dan poëtische gastoptredens van onder anderen Machiel Braaksma en Martin Reints.

De titel It Font verwijst naar het doopvont in de kerk en daarmee naar de scheppende kracht van water. Het verwijst tevens naar de vele lettertypes waarin een dichter zijn teksten kan typen. Met het gebruik van steeds weer andere lettertypes en materialen sluiten Hettinga en Middendorp aan bij een typografische traditie van dichters en kunstenaars als Marcel Duchamp, Hendrik Werkman, Paul van Ostayen en Hessel Miedema voor wie vorm en inhoud van hun werk een eenheid vormden.

Bij de presentaties in de Belvédère, het Fries Museum en de Buchmesse hoort een door Gert Jan Slagter vormgegeven leporello. Het is een harmonicaboekje met foto's en films en het gedicht In spegel, de see, aangevuld met de Engelse vertaling van David Colmer. Op de webside www.itfont.nl is een aantal van de filmpjes uit It Font te zien.
 

HETTINGA EN MIDDENDORP


Eeltsje Hettinga publiceerde vijf dichtbundels op persoonlijke titel, werkte daarnaast mee aan bloemlezingen en projecten als Slauerhof en Gjin grinzen, de reis/Geen grenzen, de reis/No borders, the voyage. Voor Akten van winter kreeg hij de Fedde Schurerpriis. In 2010 schreef hij de biografie Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús. Zijn laatste poëziebundel Ikader stond in 2013 op de shortlist van de Gysbert Japicxprijs. Behalve als dichter heeft hij ook als polemist een reputatie hoog te houden. www.eeltsjehettinga.nl



Lotte Middendorp studeerde in 2013 af aan Academie Minerva in Groningen. Haar film Spegel yn spegel werd aangekocht door zowel zorgverzekeraar Menzis als het Fries Museum. Haar inzending voor 'The one minutes film festival' werd in 2011 bekroond met de Tommy-award, in 2012 werd er een video geselecteerd voor de One minutes expositie ‘VideOOOOOh’ in Slade Research Center, London. Lotte Middendorp exposeerde de afgelopen jaren onder andere in galerie De Roos van Tudor en Keramiekmuseum Princessehof in Leeuwarden en in Museum Belvédère in Oranjewoud. www.lottemiddendorp.nl