‘Driuw sis ik, driuw...’

Muzyk by It Font fan Jan Snijder e.o.

De byldzjend keunstners Jan Snijder en Christiaan Kuitwaard, beide skilder en muzikant, namen, tegearre mei Simon Lassche en Wim de Graaf, de muzyk foar rekken by de fideofilms 'Driuw', ‘De fûkestokken’ en ‘Krimp’. As kollektyf, dat wikseljende gearstallings spilet, meitsje Snijder en Company ûnder de namme OK the bridge... and some place later klankymprovisaasjes en soundscapes.

Jan Snijder oer dizze films, in trijelûk dat ek te sjen west hat op it Noordelijke Film Festival yn Ljouwertl: "‘Driuw’ is ien fan myn favoriten. In perfekt houlik tusken byld, lûd en wurd. Alles kloppet. It is driigjend en sprankeljend, ergens tusken hoop en frees. It is abstrakt, it jout romte foar ynterpretaasje. It suggerearret fan alles."