'O, misdracht fan hegere kommuny!'

Fototentoanstelling 'De stim fan it wetter'




(27-05-15) By jachthaven De Drijfveer/ Tusken de Marren yn Akkrum is op dit stuit de fototentoanstelling De stim fan it wetter te sjen, in foto-eksposysje dêr’t dit jier tolve fotografen oan meidogge, te witten: Jacob van Essen, Pieter de Vries, Harry Muis, Marieke Balk, Denis Markić, Erik Jan Koopmans, Jannes Faber, Kees Middendorp, Siese Veenstra, Sipke Leen, Lotte Middendorp en Dolph Kessler. Harren wurk is ôfprinte op grutte, mânselhege doeken dy’t in plak krigen hawwe op de terreinen op en om de jachthaven hinne.

Lotte Middendorp lit in still sjen út it fideogedicht ‘Sliepend’, ûnderdiel fan it fideopoëzyprojekt It fûnis / it font. De tentoanstelling is noch te sjen oant begjin oktober.