'It finster sjocht dy oan, it lân nimt dy op...'

Peter Boorsma bout website It Font

.
Skilder-keunster en foarmjouwer Peter Boorsma bout yn gearwurking mei Eeltsje Hettinga de website foar it fideopoëzyprojekt It Font. Boorsma wie ien fan de inisjatyfnimmers fan Into The Great Wide Open op Flylân, ien fan de meast súksesfolle festivals yn ús lân. Boorsma die ek de bou en it ûntwerp fan de websites foar Explore the North, Into The Great Wide Open en Oranjewoud festival. Fierders is hy aktyf foar artysten en keunstners as Nynke Laverman en Marten Winters - de keunstner fan it projekt ‘Het schip, de lading’ - foar wa't hy de website ûntwikkele. As byldzend keunstner en yllustrator hâldt Boorsma him dwaande mei it ûntwerpen fan platehoezen en it yllustrearjen fan tydskriften en boeken. It ûntwerp foar de Font-site kaam ta stân op basis fan de suggestjes en oanwizings fan Lotte Middendorp en Eeltsje Hettinga.



.
.

.