‘Lampen skitterje oare kant de mar...’

It Font - Martin Reints en Machiel Braaksma yn Fries Museum, snein 23 okt.

Dichter-essayist Martin Reints en byldzjend keunstner Machiel Braaksma lêze foar by de tentoanstelling It Font yn it Frysk Museum op 23 oktober, 14:30 oere en 15:45 oere. Machiel Braaksma draacht ûnder mear it klassike gedicht 'Wolkom reizgers. Dit is de stoptrein nei Grutte Boffert' foar. Martin Reints hâldt in koarte lêzing oer it ûnderwerp fan literatuer en byldzjende keunst. It Font is it fideopoëzyprojekt fan skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp.

Oanmelding foar de earste of twadde sesje op snein 23 okt. fia ep.hettinga [at-teken] hetnet.nl of lotte.middendorp [at-teken] gmail.com In e-mail befêstiging folget.

Martin Reints is dichter-essayist en meiwurker fan De Groene Amsterdammer. Hy wennet en wurket ôfwikseljend yn Amsterdam en Brantgum.
Syn poëzijdebút, Waar ze komt daar is ze, ferskynde yn 1981. Syn twadde bondel Lichaam en ziel (1992) waard bekroand mei de Herman Gorter-priis. Foar essays Nacht- en dagwerk krige hy yn 1998 de J.Greshoff priis. Tussen de gebeurtenissen, (2000), syn tredde dichtbondel, waard nominearre foar de VSB Poëzieprijs, lykas syn fiif jier letter ferskynde publikaasje Ballade van de winstwaarschuwing. Yn 2010 folge de bondel Lopende Zaken. By útjouwerij Bezige Bij ferskynt begjin takom jier Wildcamera, in samling gedichten en proaza.
Dichter en kritikus Maarten Doorman oer Reints syn poëzij yn NRC Handelsblad: ‘Zijn gedichten bestaan uit onopvallende zinnen met gewone woorden en gaan over onbeduidende gebeurtenissen en mijmeringen. Maar ze zijn betoverend.’. .

Machiel Braaksma is byldzjend keunstner, skriuwer, dichter en yllustrator. Hy wennet en wurket yn Marrum.
De Nederlânske-Flaamske sjuery fan de stichting Best Verzorgde Boekenhat ferkeas syn keunstnersboek Harrekrammele ferline jier as ien fan de fyftich bêste-ûntwurpen boeken. Oare wike presintearre de stichting dit rûnom priizge keunstnerboek op 'e Frankfurter Buchmesse. Braaksma is de dokter en dichter fan de dingen. Hy ‘stelt’ op harsel skynber neat betsjuttende foarwerpen út it deistige libben, set se yn in oar, faak absurd en bytiden surrealistyske kontekst en skept alsa nije keunstwurken. Braaksma: ‘Ik zet alles op de ‘juiste’ manier in de verkeerde volgorde.’
Syn wurk ken in grutte alsidigens: ynstallaasjes, bylden, kollaazjes, teksten en performances. Wurk fan Machiel Braaksma is ûnder mear te finen yn 'e kolleksje fan it Frysk Museum, Museum Drachten, USC Santiago de Compostela en by samlers.