‘Der wie in see, in lân, in lichem...’

It Font yn Museum Belvédère



(29-05) Fideokeunstner lit yn museum Belvédère op it Oranjewâld de fideo 'De lichamelikheid van het Wad' sjen. It wurk is ûnderdiel fan de tentoanstelling Improvisaties op Wind Water Wad. De eksposysje bringt in ryk ferskaat oan wurk fan keunstners dy't op hokker wize ek, ynspiraasje fûn hawwe yn en om it waadgebiet hinne. It aksint leit op de hjoeddeiske keunst en dêrby giet it om skilderijen, foto's, fideo's, ynstallaasjes, tekstylkeunst en poëzy. It gehiel beslacht in breed spektrum fan abstraksje oant realisme.

Foar dizze tentoanstelling waarden goed santich keunstners út Fyslân, Nederlân en Dútslân selektearre, ûnder harren Gerrit Benner, Jan Loman, Emil Nolde, Tames Oud, Emo Verkerk, Jan Wolkers en Lotte Middendorp. De fideo 'De lichaamlikheid fan it Wad' makket diel út it multymediale projekt It Font. Yn de katalogus Improvisaties op Wind Water Wad, mei teksten fan Han Steenbruggen en Ernst Bruinsma, binne gedichten oer de Wadden opnommen van Albertina Soepboer, Eeltsje Hettinga, Tsjêbbe Hettinga en Marjoleine de Vos.


Improvisaties op Wind, Water en Wad - 29 mei t/m 13 septimber.
Museum Belvédère, Oranjewoud


 


Improvisaties op Wind, Water en Wad. 29 mei t/m 13 september.
Museum Belvédère, Oranjewoud