'O, misdracht fan hegere kommuny!'

It Font op Noordelijk Film Festival 2015

.
.





TAAL, FOARM EN SENSITIVITEIT


.(06-11-2015) Fideokeunstner Lotte Middendorp en skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga bringe oare wike op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert de film It Font, in trijelûk, besteand út de films ‘De lichaamlikheid fan it Wad’, ‘De fûkestokken’ en ‘Driuw’.

De film makket diel it fan it omfangrike, ûnder mear troch it Nederlands Letterenfonds stipe fideopoëzyprojekt It Font, dêr’t byldzjende keunst, poëzy, foardracht en muzyk op sterk sintúchlike wize yn inoar skood binne. In part fan de muzyk by de films wie yn hannen fan Ok the bridge fan Simon Lassche, Wim de Graaf en skilder-muzikant Jan Snijder.

It wetter, it noardlik lânskip en de see foarmje in reade tried yn it multymediale projekt. Films út It Font wiene de ôfrûne tiid te sjen yn Museum Belvédère op it Oranjewâld, galery De Vis yn Harns, galery De Roos van Tudor yn Ljouwert en by Kunstmaand Ameland. Wurk fan Lotte Middendorp is ûnder mear oankocht troch it Fries Museum.

Yn in ynterview mei it kultureel opinytydskrift De Moanne sei Lotte Middendorp oer har wurk: ‘Op de Academy [Minerva] hie ik modeltekenjen, digital art en skilderjen… Mar doe’t ik ien kear oan it medium film rûkt hie, ferblikte al it oare: film rekt de ferbylding op.'

Oer har rol as fideokeunstner yn it omfangrike projekt It Font lit se witte: ‘In skitterjend eksperimint. Taal en byld en tiid en yntuysje binne yn myn wurk bepalende eleminten. It giet my om in erfaring dy’t yn al syn sintúchlikheid neat te meitsjen hat mei in lineêr ferrinnende tiid – de tiid fan de klok – mar alles mei in ynderlike tiid. Alle sintugen iepen. Ik bin opgroeid yn Akkrum, midden tusken de Fryske marren. Der is in djip ferlangen om gear te fallen mei de natuer, de stilte en it wetter. Dat fynst ek werom yn myn films. It giet om foarm en sensitiviteit.’

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga, waans lêste poëzybondel nominearre wie foar de Gysbert Japicxprijs, oer It Font: ‘Ik bin oan it ûntbundeljen. It Font is in moai spannend aventoer mei taal en byld, mei in soad nije ûnderfiningen, bygelyks troch letters oer it wetter 'rinne' te litten of in wurd as 'Tiid', makke út reid en bamboestâlen, ûnder de brêge troch te skuorren. Myn leafde foar byldzjende keunst kin ik by  de multymediale oanpak fan dit projekt oer alle boegen syn gerak jaan. Oare wegen, dus. Poëzy as in sensitive belevenis.’

It projekt It Font en de fuortgong derfan is folgjen op dizze twatalige website www.itfont.nl






Ynfo: Lotte Middendorp of Eeltsje Hettinga