'It doarp sliept de oere fan in âld Frysk deadeboek.'

De lichaamlikheid fan it Wad

De lichaamlikheid fan it Wad

In yntroduksje op it gedicht ‘Yn it opkommen’

By de lichamelikheid fan it Wad


Der wie in see, in lân, in lichem,
it riisde op út it leech fan de westkust wei.

Modder spatte yn it moarnstiidsljocht
oer slinken en fee, rekke
de fleanende fisken fan de wolkens.

Hoe't se har de lea speake, leidich
mei in weeskegroet yn de koperen sinne

Ergens gong in frachtwein, teskuorde
de stilte, sa’t letter stappen
op 'e seedyk skulpen en wier ferpulveren.

2.

Hoe’t se opkaam út see wei,
omtrint alles klassyk Aphrodite,
mar gjin moaiens of it komt lang om let

yn skyn te ferdwinen, sa’t
op in oare moarntiid de rûmte te tûmeljen
begûn doe’t se, lynjend oer de finsterbank

fan de kimen, de ruotfûgels seach,
opwjokjend as út Hiëronymus syn donkere
kelders en hellekringen.

Tusken judasstoel, ketterfoarke en
kalashnikov skeaten stien- en moannefisk
troch in hielal, sûnder sintrum.

3.

Herte, hert, o hert, sei se op in jûntiid,
doe’t se in leafde kwyt, weromgie
nei it stee dêr’t se foar it ljocht kaam wie.

Neaken yn it slyk wintele se har it liif,
djipper en djipper om net mear
te witten hoe’t  ûnder Tiid syn folteringen
de dingen útelkoar skuord wiene –

By wize fan liet bedobbe se harsels
yn de herbergjende modder, en sliepte.


Sjoch ek: Improvisaties op Wind Water en Wad