‘Der wie in see, in lân, in lichem...’

Yn it opkommen



Der wie in see, in lân, in lichem,
it riisde op út it leech fan de westkust wei,
sei goedei tsjin de koperen sinne.

Modder spatte yn it moarntiidsljocht
oer slinken en fee, rekke
de fleanende fisken fan de wolkens.

Ergens gong in frachtwein, teskuorde
de stilte, sa’t letter fuotstappen
op it dyksbasalt skulpen en wier ferpulveren.

2.

Hoe’t se opkaam út see wei,
hast alles klassyk Aphrodite, mar
gjin moaiens of it komt lang om let

yn skyn te ferdwinen, sa’t
op in oare moarntiid de rûmte te tûmeljen
begûn doe’t se, lynjend oer

de finsterbank fan de kimen,
delseach yn Hiëronymus syn kelders
en hellekringen.

Tusken judasstoel, ketterfoarke en
kalashnikov skeaten stien- en moannefisk
troch in hielal, sûnder sintrum.

3.

Herte, hert, o hert, sei se op in jûntiid,
doe’t se in leafde kwyt
weromgong fan wêr’t se kommen wied.

Neaken yn it slyk wintele se har it liif,
djipper en djipper
om net mear te witten hoe’t de dingen

ûnder Tiid syn folteringen útelkoar skuord wiene. –
By wize fan liet bedobbe se har
yn ierde’s herbergjende modder, en sliepte.