'It finster sjocht dy oan, it lân nimt dy op...'

Lettersette op 'e Swette


Wy giene nei De Deelen om reid te snijen, heech reid dêr’t wyn syn lieten yn berisselt, om dêr letters fan te meitsjen; wy rûnen de paden del tusken bjirken en wylgen, hifken ús de gesichten yn de djipten fan de puollen, de sjongende petten ûnder it heger klimmende ljocht fan april, de lange foarmiddei. Yn de lústerjende lûden fan de molenskroef hearden wy it omslaan fan lodden yn it fean, it tuffen fan blauwe turfskippen oer de wolkeloft, mar dat wie yn eardere tiden, it sompich turfstekkersseizoen. No printet libelleguod smelle lieten tsjin de glêzen himel, de dûnsjende liven. Wy kamen nei De Deelen om reid te snijen, songen bai-bai en tsjoewy-tsjoewy en gongen, roppich om pûster en plom, de oare deis werom. ( Mei tank oan de geast fan Po Tsjoe-Ierdswel. )


De lucht was geel als geele chrysanthemen –
weien goudgroen in fonkelende atmosfeeren
van misten – goudgesmolten horizonnen (…)

Herman Gorter
 

Betide simmermoarntiid, healwei fiven, lichte dize oer it wetter, de roeitocht fiert nei de brêge oer de Swette by it Weidumer Hout. Lotte stiet der klear om fanôf dat heger lizzende punt de roeiskou te filmjen, dêr't wy alle út reid sniene letters achter hongen hawwe. Lykwols, de moarntiidsmist dêr't wy op tidige hiene, is rap yn it ferdwinen as de sinne út de kimen opdûkt… Wy sille wachtsje moatte en jou op in oare betide simmermoarn it Sineeske dekôr dêr’t wy om sochten syn gerak. Stadichwei roeikje wy werom nei it stalt, healwei de Swette, meitsje de letters los fan de boat en lizze de wurden, oare kant it fytspaad, yn it lân ûnder in pear grutte toppen hea meidat fandalen of oar rosmos de wurden net ferniele kinne.


 

De izeren skou glidet stadich de Swette oer. De eagen fan de roeiriemen skowe piipjend en knarsend oer de izeren pinnen dy’t op it board fan de boat fêstlaske sitte. Ik besykje safolle mooglik yn de lijte fan de heger wâl te bliuwen. Lykwols, mei de opstutsen wyn is it dreech en hâldt sá koers dat de út reid en bamboe makke letters ‘Tiid’, dy’t wy mei fisktried achter de boat oan hongen hawwe net betize reitsje yn it tûkeguod fan de wylgebeammen dy’t oer it wetter hingje.
Fanôf it Weidumer Hout komt in lyts fiskersboatsje oanfarren. Twa manlju yn griene fiskerspakken nimme ferheard de sleep letters op, freegje:
En wat mut dat betekene?
Wy lûke de tiid ûnder de brêge troch.
Wat sêge je nou?
Wy sille de tiid…
Is dat soms keunst of su?
Yn it Liwwadders: Ja, allemaal onnut, maar wel aangenaam, sêch maar, it nut der nutteloosheid.
De fiskers skodholje, farre fierder en wurde linkenoan wei yn de bocht fan de Swette.
De tiid swabbert hinne en wer achter de roeiboat oan.
Lotte stiet klear mei de kamera-apparatuer op de brêge by it Hout, wachtet wylst ik stadichwei tichterby roeikje. Se hie eins in kiker hawwe moatten om sjen te kinnen hoe’t ien fan de letters oan in krekt, ûnder wetter stekkende tûke hingjen bliuwt.
De tiid stûket.
Lotte, waans sylhûet lyts tsjin de grize middeiloft stiet, kin ik net beroppe.
Ik lit de riemen hingje, glydzje oer it sjippeglêde hout fan de bûkdelling nei foaren, bûgje my op de achterplecht heal oer it wetter om de fisktriedlinen troch te knippen, mar fernim tagelyk hoe’t de wyn my djipper de ûnderwal yn helpt. De Tiid leit beknypt tusken it boat en skerptûkich wylgebeamguod.
Ynienen moat ik tinke oan it skriuwen fan Tsead Bruinja, fan ’t simmer yn de Ljouwerter Krante: ‘Wellicht kijkt Hettinga toch een beetje uit naar de eenvoudige wereld van zijn toetsenbord.’
De tiid dy’t stream is, fernielt de taal. Ien fan de reidletters is brutsen. Mei muoite hys ik de Tiid oan board, fjouwer letters dy’t ik hoeden dwers oer de izeren boarden lis. (…)
 

II Oan it wurk op de Swette


 

Oan it wurk achter de skuorre fan de eko-pleats De Swetteblom oan de Swette ûnder Bears. Fan ’t maitiid hawwe wy thús yn it tún en de keamer op ‘e Gysbert dagen oanien dwaande west om letters út reid te meitsjen, reid dat wy út De Deelen hawwe, mar dat letteroan, farrend op de Swette, dochs te tin, te brekber en te kwetsber bliek om stân te hâlden. De wurden ‘tiid’, ‘skaad’ en ‘wyn’ moast oan alle hoeken en einen spalke. Yn Baaium ûnder Dronryp tikken wy by in bosk bamboestokken op ‘e kop. Mei-inoar in lytse twahûndert stokken, dy’t stik foar stik midstwa seage wurde moasten, want oars pasten se net yn de wein fan Lotte. Seagje, seagje, pypje, skrasse en raspje, elke stok werombringend ta twa meter. Doe’t wy lang alles te plak yn de auto hiene, wie dy fan ûnder nei boppe ôfladen fol. Stadich klommen wy by terp fan Baaium op. Ik hie nocht om te sjongen, foar de grap: 'O, hûs, terp en lân! Hoe fiere jimme mei nei tiden griis en âld...' Tralala, in tel letter sieten wy, alle terpetiid foarby, op de Heak, de grutte, mar hast folslein lege highway om Ljouwert hinne, mei ‘Clocks’ fan Coldplay op cd-spiler… wylst wy nei ôfrin fan dy tiid, dy't wer in oare tiid fertsjintwurdige as de tiid dy't wy ûnder de brêge trochhelje woene, tegearre ús einferske ynsetten: la-la-la-lala la bamboe.
 

III

De tiid, makke út reid, stiet tsjin de griene skuordoarren, dyselde tiid dy't aanst achter de izeren roeiskou fêstmakke wurde moat om, de Swette delroeikjend, it hiele swikje, ja, de hiel godsgânske Tiid, ûnder de brêge troch te heljen, de brêge fan it Weidumer Hout, mar ear't it safier is, moat der earst noch in pear meter oan bamboestokken flochten wurde. Tiid dwaan', seit it sizzen, oftewol: geduld, geduld.
 

IV

(14-10) Hannen heech oan de himel, de tiid fêstrûn yn de tûken en in blau, sa donker dat it liket as geane roeier en boat sûnder pardon nei de haaien. Ik ferdrink yn it skimer fan it blauwe, dizenige lânskip. It is as bin ik yn ien of oare mankelike Antonioni-film fersyld. It font, mmm... dat is foar in net lyts part bepaald troch stimmingen en sfearen.