'It doarp sliept de oere fan in âld Frysk deadeboek.'

It let


foto Kees Middendorp


IT LET


Under it let oer de lege polders
ljepte út de slinken fan ieuwen
in tsjuster dat in âld begjinnen ynhie.

Fersille tusken reidkraach en kopwylch
lei, oan grús trape, in televyzje,
de diggels spegelen in stikken hielal.

Ik tocht oan Ouwens, fisken en de lytse,
tinne hosty’s fan in ienris wie der…

O, misdracht fan hegere kommuny!

Doe begûn it stadichwei te snijen, froast
sloech ûnder de rop fan de stienûle
in swarte flier yn dampe fierten.

Lyts behyplik wek waard my de mûle
in ferwoeden besykjen en hâld
tusken himel en ierde it wurd iepen.

.

THE TOLLING

As the bell tolls over the empty polder
a darkness that holds an old beginning
leaps from the channels of centuries.

Lost between the reeds and willows,
the pieces of a shattered television,
shards reflecting a broken universe.

I think of Ouwens, lambs and the small,
thin hosts in a once that was… Oh,
the abortion of holy communion!

Then a slow snow begins to fall,
the cold lays a black floor in the misty
distance and the little owl calls.

My mouth turns into a small dangerous
hole in the ice, a desperate attempt,
holding the word open to the sky.

.
Translation David Colmer



Ien fan de frijwilligers by it Fryske Gea dy’t alle moandei mei in ploechje natuerleafhawwers it nedige ûnderhâld dogge oan de terreinen fan it gea tusken De Feanhoop en Earnewâld, kaam der mei oansetten, in âld kateder.

Sjoch, sei Harm, ûnder it deksel fan dy kantige bak sit in romte dêr’t mei gemak trije tsjokke steatebibels yn passe. It meubelstik wurdt net mear brûkt, dat wannear'tsto hjirre, sa’tsto lêstendeis seidest, as oansizzer yn it petgat achter it sprekstoel te orearjen silst, dan is dy bak dy’t wy oait op ’e Rottefalle yn it tsjerke te stean hiene, dêr poer geskikt foar.

Wy lade it kateder yn Foekje, de griene roeiskou dy’t njonken de arke leit, en helje stadich de riemen troch it petgatswetter. Tusken de swanneblommen, orchideeën en alderlei snileguod stiet, fuort ûnder de setwâl mei bjirkjes en wylgen, in peal dêr’t fan’t maitiid noch in pear einekuorren oan hongen.

Ek al sitte wy op it wetter, it hat noch hiel wat fuotten yn de ierde om ûnder wetter in platfoarm om de peal hinne te meitsjen, ien dy’t stevigernôch is om dêr op stean te kinnen mar dan al mei de fuotten oant de knibbels ta yn wetter.

Yn de fierte gean de hoar kreakjende blêden fan Amearikaanske wynmole. Harm docht wilens syn sprek oer de Rottefalle. Ik ken it doarp winliken net. Der is in haventsje, in wetterke – de Lits - dat it doarp mei it Lauwersmargebiet ferbynt, der is noch in skoalle en der binne noch trije tsjerken.

Mmm, sis ik, as ik dat sa hear, dan hat God by jimme op ’e Rottefalle yn alle gefallen noch net daalks te lijen fan krimp.

Ut de roeiboat wei makket Lotte de oare wyks de earste opnamen, draait foar it finen fan it bêste kamerastânpunt stadige rûntsjes om de sprekstoel hinne. Tsjin in heldere, ynblauwe himel lûke fleanmasines hege, wite streken tsjin de loft. Wyn risselet lichtjes yn de rûchte op de wâl om.

Op de bûkdelling fan de boat leit in stik holle bamboestingel. Under it deksel fan it kateder hâld ik de blausangen kop fan in grouwe kabbeljauw. (…)