'Yn de Wyldeman farre ferhalen oer allesfersizzende kusten...'

Sliepend


                                                                       For in that sleep of death
what dreams may come

 

Do, famke fisk, hoe djip is it datsto sliepst?
Kom op, slaan de eagen op en hear troch
de spegels fan it wetter hinne myn rop,

sjoch hoe’t dy de sinne de fidel spilet mei
de lytse griene dieren op trompet by
it blauwe ballet fan dûbele fûgels en
heech oan de himel dûnsjende hûnen.

Do, famke fisk, dronken dream ik dy wekker
yn de ferklonkene letter foarby elk font…

.

(27-05-15) In still út it fideogedicht ‘Sliepend’, ûnderdiel fan It font. De foto sels is te sjen op de fototentoanstelling 'De stim fan it wetter' yn Akkrum.