‘Driuw sis ik, driuw...’

De omwjokjende wurden

Foto's út de fideopoëzyfilm De omwjokjende wurden



(04-03-2015 ) Fanôf it parkearplak by de Heafeart yn De Deelen rinne wy mei Roelof Vriesema, boskwachter by Staatsbosbehear, in sompich, fan petgatten en setwâlen trochsniene lânskip yn. Houtspuonnen knisterje op de paden. Dit lânskip is it ryk fan de reager, de domp en de stjirring. It doffe tromboane-achtige lûd fan de roerdomp sille wy hjoed net hearre. Mei de kjeld dy’t oer de fjilden giet, sil dy âlde, heechbesnaffele fiskejeier him nei alle gedachten yn oare oarden ophâlde, de oarden en streken fan de sliep, de dream of de dea. Oars leit it mei de guozzen, se binne der by hûnderten, prate en gakje yn lange flechten oer de grize, belutsen winterloft. Swart is it wetter fan de trekgatten. De wyn jaget it ribbelizer oer de donkere petgatsfearten. It fean fearret. Yn myn lekke skoech sit in snoek, dy’t by elk stap dy’t ik doch drok sodzjende lûden makket. Ik tink oan it âlde ferske 'Hannes loopt op klompen, simpe, sampe, sompe'. Dit gebiet is ek it ryk fan Sjoerd de Vries, Willem van Althuis, Evert de Graaf, Jan Snijder en oare keunstners. Sa’t it fean syn lagen hat, sa hawwe de lânskippen en romten fan Sjoerd de Vries harren djipten krigen troch ‘de master’ syn krassen, snijen en kervjen mei paletmessen en strykizers yn kartonnen boekomslaggen en âlde, út mear as ien laach besteande stikken karton dy't as ûndergrûn foar in protte fan syn skilderijen tsjinne hawwe. Willem Van Althuis skildere hjirre, sa’t Joost Zwagerman oait skreau, de binnenkant fan mist, dize en damp. Lang om let bedarje wy by de tsjasker, de wettermole mei de swart tarre houten ramen yn de wjokken. Lotte slacht in hân foar de mûle, alhiel optein by it idee en it byld hoe’t se alderhande letters as by in merry-go-round yn de wettermole hingje kin. De omwjokjende wurden.


 

.
II

Letter, werom by de heafeart, krûpe wy, stiif ferklomme fan de kjeld yn de auto en eidze, mei it útsjoch op de Heafeart, nochris it idee oer fan de mole en de wjokken dy’t de wurden en letter ûnder harren hoede nimme. Welk kleur bruke, welke materiaal? Swart, wyt of read, karton, papier, metaal? Yn alle gefallen taal.

III

Wat fan it begjin ôf oan fêststien hat yn It Font is dat wy gjin ferlet hawwe fan in emblematyske oanpak, dus it praatsje by it plaatsje. Geandewei is ek, al sykjend, bouwend en foarm jaand, hieltiten mear dúdliker wurden dat de meast spannende bylden har bewege op ‘e grins en de râne fan it figurative en it abstrakte.

Ik dream letter dy dei fan letters dy’t glydzje, rôlje en dûnsje, sa’t de wurden opkomme en ferdwine, útdijend as swier wurdende liven of krimpend as leech rinnende buorskippen, dream fan taal dy’t libben makket, ek al wol dy bytiden, al slûpendewei, nei de stilte fan it grêf, dream fan alle letters en de wurden dy’t, om mei Paul van O. te praten, as mei in boem-boemop de pauken, troch de romte klappe, as om te bewizen dat it de Tiid is dy’t biddend foar it tabernakel fan de taal stiet.
Dan as by in flapwyn dy’t jin de hoed tilt, freegje ik my ôf oft ik by alle dizze taalboemboemdreamen faaks in klap fan de mole meikrigen of sa…?
.

Wurden binne net samar wyn
Zhunang Zi

Binnenstbûten

De wyn draait en keart
en skept út it neat

fan 'e loft dy’t streamt
in lytse nachtmuzyk.

En de boezem sjongt
wannear’t de wyn

it wetter binnenst-
bûten keart en oarsom.